Menameradiel jout wissichheid oer MFC yn Berltsum

21 des 2015 - 21:15

Ynwenners fan Berltsum moatte tiisdeitejûn safolle mooglik nei it gemeentehûs fan Menameradiel komme. Dat is in omrop fan de Stichting Berlikumer Belangen (SBB). De gemeente stimt dan oer de plannen foar in nij multyfunksjoneel sintrum yn de hjoeddeistige grifformearde tsjerke yn it doarp.

SBB-foarsitter Erik Jansen: ''Dan sjocht de gemeente hoe graach as wy dit wolle en hoe wichtich wy dit fine foar de takomst fan ûs doarp". Al trije jier is in spesjale wurkgroep dwaande mei de ûntwerpen en de sinteraasje.

It wachtsjen is no op grien ljocht fan de gemeente. It doarp is nammentlik foar it grut part ôfhinklik fan jild fan de gemeente. Neffens Jansen stean de ynwenners út it doarp achter de plannen foar it MFC. Hy hopet dan ek dat der sa'n 60 minsken nei it gemeentehûs komme.

Emosjoneel

Net eltsenien is bliid mei it sintrum. Jansen: ''Aldere minsken fine it spitich dat de tsjerke ferboud wurde moat en dat begripe wy. Dat hat mei emoasje te meitsjen. Allinnich wy moatte fierder en it grutste part fan it doarp is entûsjast oer de plannen''.

Finansjes en ûnderhâld 

Yn it takomstige sintrum is der genôch plak foar bygelyks alle muzykkorpsen yn it doarp, de jongereinsoas en it Griene Krús. Fierder wurde de tsjerketsjinsten gewoan yn tsjerke hâlden. As de gemeente grien ljocht jout, dan moat it doarp it ûnderhâld fan it MFC yn de takomst sels betelje.

Fierder moat it doarp noch in part fan de bou fan it sintrum betelje. Jansen hat dêr gjin soargen oer: "Wy sykje dan sponsoaren, dat slagget ús''. As it MFC yn Berltsum der komt, dan slút it besteande en ferâldere doarpshûs 'It Heechhout. Der binne noch gjin konkrete plannen wat dêr dan fierder mei barre sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)