Te keap: seeforellen om yn de Lauwersmar los te litten

21 des 2015 - 20:07

Takom jier moatte der lyk as dit jier wer 1000 grutte seeforellen útset wurde yn de Lauwersmar. Dat fine sportfiskers en wetterskippen. Om dat foar mekoar te krijen, is der in crowdfundingsaksje opset. Minsken betelje dan in tientsje foar in seeforel, dy't dan it kommed foarjier yn de Lauwersmar loslitten wurdt.

Dizze aksje makket diel út fan in grutter projekt om de seeforellen wer werom te krijen nei de Lauwersmar. Sa moat it gebiet oantrekliker wurde foar minsken dy't graach op forel fiskje.

Suksesfolle proef

It ôfrûne jier binne der ek al 1000 grutte seeforellen útset yn de Lauwersmar, en yn de beekjes fan Drinte nochris sa'n 5000 fiskjes. Pas no't bliken dien hat dat dizze fiskjes yn de Drintse beekjes goed libje kinne, hat it doel om ek kommend jier opnij fisken út te setten. Yn Drinte sille wer jonge fiskjes útset wurde.

Natuerlike oanwaaks

Fierder is it de bedoeling dat de sleatten ûnder de mar, benammen yn Grinslân en Drinte, geskikt makke wurde foar de fisken. Sa moatte sluzen oanpast wurde sadat de fisken der by del swimme kinne. It hiele projekt moat noch sa'n fiif oant tsien jier duorje, en it is de bedoeling dat der al dy jierren nije fisken by komme. Op termyn moat de natuerlike oanwaaks fan jonge fisken it útsetten fan seeforellen oerstallich meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)