Plysje pakt 52-jierrige man op foar mishanneling op It Fean

21 des 2015 - 19:32

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling moandeimiddei om in oer as trije op it stasjon fan It Hearrenfean. Yn Snits hat de plysje in fertochte oanholden. It giet om in man fan 52 jier. It crime-team fan de plysje sil de saak fierder ôfhannelje. Minsken dy't wat sjoen ha, kinne kontakt opnimme mei de plysje fan It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)