Hotel Holwert hat nije eigener en huzeferkeap sit yn de lift

21 des 2015 - 17:48

It giet wer goed mei Holwert. Jierren wie dit doarp it toanbyld fan de krimp, mar no wurde ek dêr wer hieltyd mear huzen ferkocht. Je hoege noch hieltiid net lang te sykjen om in keaphûs yn Holwert, mar sa stadichoan liket der dochs in omslach te kommen.

Dat fernimme sy ek by it doarpsûntwikkelingsfûns. Sy jouwe jild foar it opknappen fan huzen en dêr sitte ek nije húseigeners by. Opfallend is ek dat in behoarlike groep jonge Holwerters der foar kiest om yn it doarp in hûs te keapjen.

Troch de huzemerk dy't yn 'e lift sit en de plannen foar Holwert oan see waait de wyn yn it krimpdoarp no út in oare hoeke.

Hotel 't Amelander Veerhuis

Rom tsien jier lyn setten de útbaters fan hotel 't Amelander Veerhuis harren gebou te keap, mar nije eigeners waarden net fûn. Ein 2012 hâlden se nei 40 jier op mei it hotel. Sûnt in pear wiken is it hotel lykwols ferkocht en wer iepen. De nije eigeners binne hurd oan it wurk om it ynterieur oan te pakken. Toeristen kinne dus wer sliepe yn Holwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)