Wynmûnepark De Riedpolder by Harns krijt gruttere molens

21 des 2015 - 16:52

De wynmûnen lâns de A7 by Harns wurde ferfongen. It giet om de seis mûnen fan wynmûnepark De Riedpolder. Der komme gruttere foar yn it plak mei mear opbringst. Ferline wike binne de earste twa demontearre. Dy binne al ferkocht oan in Sweedsk bedriuw. De oaren stean te keap.

Der komme swierdere wynmolens foar yn it plak. In bytsje heger, mar de opbringst giet fan 0,85 Megawatt nei 2,3. Genôch foar 15.000 húshâldens. De kosten hjirfan binne 15 miljoen euro. Foar de boufak takom jier moatte de nije mûnen der stean.

Trefwurden: 
wynmûne A7 Harns De Riedpolder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)