Seegers kin net selsstannich oerlibje yn de Waadsee

21 des 2015 - 15:24

It is wol mooglik om seegers werom te plantsjen yn de Waadsee, mar it gers groeit net fluch genôch om selsstannich te oerlibjen. Dat is de belangrykste konklúzje út fiif jier ûndersyk fan Rykswettersteat. Der folget no in nij ûndersyk, om út te finen hoe't it seegers wol selsstannich oerlibje kin. Neffens marine-biolooch Roelant Snoek dy't by it ûndersyk belutsen is, groeide der yn de jierren '30 in hiele protte seegers yn de Waadsee.

Wiersykte

Troch in wiersykte is it gers hast allegearre fuortrekke. En de bou fan de Ofslútdyk hat dêr ek oan bydroegen. De seestreamingen feroaren, en it seegers ferdwûn.

Geunstige omstannichheden

Mar no liket it derop dat de omstannichheden wer geunstich binne, en dus hat Rykswettersteat de ôfrûne fiif jier besocht om it seegers wer werom te plantsjen. Dat is slagge, it gers groeit op in protte plakken, mar der is net genôch fan om selsstannich te oerlibjen. Dat komt ûnder oare trochdat it sied fan it gers troch seestreamingen ferlern giet, wylst der net genôch natuerlike oanfier fan sok sied is.

Beskerming

Marine-biolooch Roeland Snoek seit dat it seegers in belangrike lânseigene soarte is foar de Waadsee omdat it bygelyks beskerming jaan kin oan jonge fiskjes, of iten biede foar guozzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)