De Weaze yn Ljouwert ôfsletten fanwege in gaslek

21 des 2015 - 12:57

De Weaze yn Ljouwert hat koarte tiid ôfsletten west fanwege in gaslek. De melding kaam om in oere as tolve, it gie om in lek yn in wenning. De oproppen brânwacht hat de gaslieding ôfsletten en de ruten fan it hûs iepenset. Dêrmei is it gefaar foar in eksploazje foarby.

De plysje hat dêrop om in oere as healwei ienen de ôfsetting wer opheft. Neffens de plysje is der nimmen ferwûne rekke. Hoe't it gaslek ûntstean koe is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)