Diskoteken yn Drachten geane mei de feestdagen net iepen

21 des 2015 - 12:41

De diskoteken Feu en Champino yn Drachten geane mei de feestdagen definityf net iepen. Dat hat eigener Van Bodegom te hearren krigen fan de gemeente Smelllingerlân. Van Bodegom hie in evenemintefergunning oanfrege foar de kryst en nijjiersnacht. Mar om't der noch in beswierproseduere rint en it evenemint yn in hoarekasaak plakfine soe, is de tydlike fergunning ôfwiisd, sa seit Van Bodegom.

Feu en Champino binne al sûnt 9 novimber ticht. Beide saken moasten de doarren slute nei't de gemeente Smellingerlân in nije hoarekafergunning wegere.

Twivels fan gemeente

De gemeente hie twivels oer de bedriuwsfiering. In nije oanfraach foar in drank- en hoarekafergunning is yn behanneling. Van Bodegom hat earder al witte litten dat Feu en Champino mooglik definityf ticht bliuwe, as de nije fergunning te lang op him wachtsje lit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)