KNMI: Koade giel foar swiere wynstjitten

21 des 2015 - 12:11

It KNMI hat foar moandeitejûn koade giel ôfjûn foar de provinsje Fryslân en it Waadgebiet. It meteorologysk ynstitút warskôget foar swiere wynstjitten oant en mei hûndert kilometer.

It ferkear kin hinder ûnderfine fan de hurde wyn. Nei alle ferwachting nimt de wyn kommende nacht wer yn krêft ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)