Is de ein fan de winterbân yn sicht?

21 des 2015 - 10:56

De minne winter fan no en de matige winters fan de ôfrûne jierren betsjutte dat it meikoarten definityf oer is mei de winterbannen. Dat seit Jan Kramer fan Ype Kramer Automaterialen. Kramer is ien fan de grutste ferkeapers fan winterbannen yn Noard-Nederlân, mar sjocht it tal ferkochte winterbannen al jierren werom rinnen.

Dit jier is der sels noch gjin inkele winterbân ferkocht. Om't de winters hieltyd waarmer wurde is de aparte bân foar de winter meikoarten net mear nedich yn Nederlân.

Oare lannen

Ek yn in soad oare lannen is de winterbân al net mear ferplichte. Sa meie je bygelyks yn Dútslân no ek yn de winter mei in saneamde all-season-bân de dyk op.

Trefwurden: 
winterbannen auto's winter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)