Plysje docht ûndersyk nei trije ynbraken yn Ljouwert

21 des 2015 - 10:32

De plysje docht ûndersyk nei trije ynbraken dit wykein yn Ljouwert. Ut in hûs oan it Kamgras waarden tusken sneontemiddei en sneintemoarn betiid in laptop en sieraden stellen. Sneintemiddei waard oan de ein fan de middei of betide jûn ynbrutsen oan de Aronskelk, dêr kamen de dieven deryn fia de sko-pui, de bewenners misse sieraden, in telefoan en ek in fyts.

Oan de Marningewei kamen de ynbrekkers fia de achterdoar binnen, dêr waarden ek sieraden stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)