Huzeferkeap yn Fryslân lûkt wer oan

21 des 2015 - 10:04

Yn it tredde fearnsjier fan dit jier binne folle mear huzen ferkocht en ek de prizen wiene heger. Dat blykt út sifers fan it CBS. It priisnivo leit lykwols noch altyd in stik leger as foar de krisis. Yn Fryslân waarden yn it tredde fearnsjier yn it súdeasten 74% mear huzen ferkocht, yn it súdwesten fan de provinsje wie dat goed 37%.

It noardwesten fan Fryslân bliuwt dêr by achter, dêr waarden goed 7% mear huzen ferkocht. De gemiddelde huzepriis yn Fryslân wie 185.000 euro.

Stiging

De sifers binne yn de lêste jierren net sa bot omheech gien as yn dit fearnsjier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)