Manager fan Ljouwerter supermerk mishannele yn winkel

21 des 2015 - 09:44

De manager fan in supermerk oan it Hoeksterpaad yn Ljouwert is snein yn syn winkel mishannele. Hy betrape in 17-jierrige ynwenster fan Ljouwert, dy't yn de winkel wie wylst se in winkelferbod hie. Doe't de manager de frou oanspruts, begûnen oare minsken harren dermei te bemuoien. In 19-jierrige Ljouwerter skopte en sloech de manager. In 39-jierrige ynwenster út Ljouwert skopte en sloech de manager tsjin de holle doe't er op 'e grûn lei. 

Winkeljend publyk hat de 19-jierrige en de 39-jierrige oanhâlden. Sy sitte noch fêst. De 17-jierrige mei it winkelferbod koe de winkel ûnder de fjochtpartij ferlitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)