Brânwacht oproppen foar skoarstienbrân yn Wytmarsum

21 des 2015 - 07:59

De brânwacht waard sneintejûn oproppen foar in skoarstienbrân yn Wytmarsum. Troch noch ûnbekende oarsaak ûntstie brân yn de kachelspiip fan in wenning oan de Molenweg. De brânwacht wie gau te plak en hie de sitewaasje efkes letter ûnder kontrôle.

Nei't de brân út wie, hat de brânwacht de skoarstien fage. Dêrby kaam noch in soad reek frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)