Snits Wyt Swart ferliest mei 3-0 fan JVC Cuijk

20 des 2015 - 16:01

Snits Wyt Swart hat snein net stunte kinnen tsjin JVC Cuijk. De ploech ferlear yn Snits mei 3-0. Al nei fiif minuten kamen de gasten út Cuijk op foarsprong. Snits Wyt Swart ferlear de bal te maklik en dêr koe Frank Hol fan profitearje. In kertier letter makke Boy Visser der mei in rake frije trap 2-0 fan foar Cuijk.

Age Hains Boersma hie tsien minuten foar it skoft de kâns om de oanslutingstreffer foar de Snitsers te meitsjen, mar hy miste in strafskop. Yn 'e twadde helte sette Visser mei syn twadde goal de einstân op 3-0.

De nederlaach betsjut dat Snits Wyt Swart de winterstop as nûmer lêst fan 'e sneinstopklasse yngiet.

Trefwurden: 
Snits Wyt Swart fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)