SC Cambuur wint mei 4-1 fan Excelsior

20 des 2015 - 14:23

SC Cambuur hat snein mei 4-1 úthelle op besite by Excelsior. Bartholomew Ogbeche (2 kear), Jack Byrne en Djamiro Monteiro makken de goals. Kevin Vermeulen skoarde foar Excelsior. De ploech fan trainer Henk de Jong giet FC Twente foarby op 'e ranglist en stiet no sechtjinde.

Tsien minuten foar it skoft makke Ogbeche mei in ôfstânsskot de iepeningstreffer. Nei rêst profitearre Ogbeche fan in flater yn 'e Excelsior-ferdigening. Byrne en Monteiro setten flak foar de ein de 3-0 en 4-0 op it skoareboerd. Yn 'e blessueretiid waard it noch 4-1.

De earste helte hiene de Ljouwerters it bettere fan it spul op Woudestein. Jack Byrne en Ogbeche krigen kânsen op 'e iepeningstreffer, mar beiden skeaten neist. It skot fan Ogbeche yn 'e 35ste minút gie der fia de peal wol yn en dat betsjutte de 1-0.

Drege faze

Excelsior kaam nei it skoft goed út 'e klaaikeamer. De Rotterdammers gienen op syk nei de lykmakker en krigen in soad kânsen. Cambuur koe de bal twa kear fan 'e line helje en ek Tom van Weert en Sander Fischer krigen de 1-1 net op it skoareboerd. Nei in drege faze rjochten de Ljouwerters harren wer op. Byrne hie de 2-0 op 'e foet, mar Excelsior-keeper Tom Muyters koe de bal tsjinhâlde.

Dyselde Muyters wie yn 'e 71ste minút kânsleas doe't Ogbeche in flater fan Fischer ôfstrafte. Twa minuten foar de ein koe Byrne nei in moaie kombinaasje de 3-0 binnenskowe. Monteiro makke yn 'e lêste minút de 4-0. It slotakkoard wie foar Excelsior: Vermeulen makke der yn 'e blessuertiid noch 4-1 fan. Dêrtroch giet Cambuur mei in aardich gefoel de winterstop yn.

Troch de oerwinning kinne de Ljouwerters wer nei boppe sjen. De folgjende wedstriid fan 'e Ljouwerters is op 16 jannewaris thús tsjin Vitesse. It is de earste útoerwinning sûnt 13 desimber ferline jier.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)