Glêzen binnenhûs yn Langwar foar goed doel

20 des 2015 - 13:09

Yn Langwar is snein om 12.00 oere it Glêzen Binnenhûs fan start gien. Kafee it Wapen van Langweer is omtsjoend ta saneamd TBH kafee. TBH stiet foar The Bounty Hunters, de band fan Johannes Rypma.

It kafee wurdt organisearre troch frijwilligers dy't har ynsette foar in goed doel. Dit kear is dat de âldereinsoarch. Yn it hûs draaie DJ's in plaatsje foar jild. Ek trede tal fan artysten op lykas Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. It ophelle jild is foar oanskaf fan in duofyts foar Plantein yn Balk. It kafee slút 23 desimber om middernacht.

Folgje de ûntwikkelingen fan it glêzen binnenhûs.

Trefwurden: 
Langwar goed doel TBH kafee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)