Ynnovaasjehûs wol bedriuwen sterker meitsje

20 des 2015 - 12:17

It Ynnovaasjehûs Drachten wol it Fryske midden- en lytsbedriuw sterker meitsje. De organisaasje sil takom jier mei projekten mkb-bedriuwen der op wize dat ynnovearje kânsen biedt.

Dat kin neffens de inisjatyfnimmers troch kennis fan bedriuwen meiinoar te dielen. Ek sjocht de stichting mooglikheden om mkb'ers te keppeljen oan ûndernimmings dy't diel útmeitsje fan it al besteande ynnovaasjekluster Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)