Plysje hâldt ynslûper oan yn kontener yn Feanwâlden

20 des 2015 - 10:07

Yn Feanwâlden hat de plysje sneontemiddei in 38-jierrige man sûnder fêst wenplak oanhâlden. Hy wie in wenkompleks oan it Johanneswâld binnengien en hie guod stellen. De ynslûper naaide dêrnei op in fyts út. Doe't plysjes de man fytsen seagen, sprong er oer in sleat en kaam doe út op in terrein oan de Suvelstrjitte. Dêr hâlde er him ferburgen foar de plysje. Uteinlik fûn de plysje de man yn in kontener. It die bliken dat de man jild stellen hie. Hy is fêstset.

Trefwurden: 
plysje Feanwâlden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)