Bas fytst foar Serious Request

20 des 2015 - 08:32

De 9-jierrige Bas Hettema fan Drachten fytst nei Heerlen om jild te bringen yn it glêzen hûs fan 3FM. Hy hat twa goede doelen. SR2015 en it KWF. Bas hat syn beide beppes ferlern oan kanker en in goeie freondinne fan syn mem. De skoansuster fan syn mem krijt op 't momint gemo en syn pake hat it hân en oerlibbe. Dêrom dat Bas de helte fan it jild ek jaan wol oan it KWF. It giet om bedraggen fan elk 1600 euro.

Bas fytst mei syn heit. Hy is sneintemoarn op 'e fyts stapt en komt tiisdei oan yn Heerlen. Alle dagen fytst er sa'n 100 km. Bas wurdt al stipe foar mear as 2.000 euro, allegear troch partikulieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)