Aris wint yn thriller fan Rotterdam

19 des 2015 - 22:48

Aris Ljouwert hat in tige belangrike oerwinning behelle op de basketballers fan Rotterdam. Yn in 'thriller' fan in wedstriid wûn de ploech fan trainer Michael Schuurs mei 83-81. De belangrykste skutter oan de kant fan de Ljouwerters wie Josiah Heat mei 18 punten. By it skoft stie Aris mei 35-30 foar, mar nei in minne perioade yn it tredde kwart stie it 55-66 foar de Rotterdammers. Yn de einfaze luts Aris de oerwinning oer de streek troch mei noch in sekonde op it boerd de 83-81 te meitsjen.

Troch de winst hat Aris no 10 punten út 12 wedstriden, twa punten mear as tsjinstanner Rotterdam wêrtroch't de Ljouwerters op it fiifde plakje yn de kompetysje stean.

(advertinsje)
(advertinsje)