Follybalsters Snits wer koprinner nei winst by Alterno

19 des 2015 - 21:47

De follybalsters fan Snits ha de kopposysje yn de earedivyzje wer yn hannen. De topper yn Apeldoorn tsjin Alterno waard mei 3-1 wûn. De earste set wie troch benammen de goede opslach mei 25-17 foar de Snitser froulju. Alterno pakte de twadde set mei 25-19. Yn in spannende treddde set ferspile de ploech fan Petra Groenland in romme foarsprong, mar wûn wol mei 25-22. Yn de lêste set wie it ferset fan Alterno brutsen: 25-13 foar hjerstkampioen Snits.

Ofrûne woansdei wie Snits noch kânsleas yn de Europeeske wedstriid tsjin Odintsovo út Ruslân.

Snits hat no 30 punten út 12 wedstriden, Alterno folget op twa punten. Op 10 jannewaris 2016 begjint it twadde part fan de kompetysje foar it team fan Petra Goenland. Yn Apeldoorn spile Snits sûnder Fenna Zeinstra. De oanfierdster hie in ankelblessuere.

Trefwurden: 
follybal froulju Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)