Harm Niesen: net ljipaaisykje yn 2016

19 des 2015 - 13:45

Harm Niesen fan Faunabeskerming fynt dat de provinsje Fryslân gjin tastimming jaan kin foar it aaisykjen takom jier. Hy basearret dy miening op it nijste rapport fan fûgelûndersyksburo SOVON oer de ljippestân. De ljip buorket achterút. Deputearre Kramer is ek skrokken fan de útkomsten, mar Rendert Algra fan it bûn fan Fryske Fûgelwachten tinkt dat se takom jier wol wer fergunning foar it aaisykjen krije sille.

Neffens Algra is de ljippestân krekt aardich stabyl. Dy fergunning is noch net oanfrege, it bûn praat dêr tiisdei oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)