Fandalen sabotearje iisbaan by Blokhúspoarte Ljouwert

19 des 2015 - 12:00

Fandalen hawwe freedtenacht de kuolmasine fan de iisbaan by de Blokhúspoarte yn Ljouwert útset. It gefolch wie dat der sneontemoarn earst net reedriden wurde koe. Neist it sabotearjen fan de iisbaan, wiene der ek oare fernielings. Sa wiene ek de krystbeammen omsmiten.

De organisaasje hat de masine sneontemoarn wer gau oanset, sadat der letter op de dei wer in streekje setten wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)