Johannes Kramer skrikt fan Sovon-rapport oer ljippestân

19 des 2015 - 10:31

Deputearre Johannes Kramer is kjel wurden fan it Sovon-rapport oer de ljippestân yn Fryslân. Neffens it rapport is de takomst fan de ljip min. Ut sifers fan fûgelûndersyksburo Sovon docht bliken dat sûnt 2003 de ljippestân alle jierren mei in lytse trije persint tebek rûn is. Ek it leefgebiet en de fersprieding fan de ljip nimt ôf. It ûndersyk wie nedich neidat de Ried fan Steat begjin dit jier in streek sette troch it ljipaai sykjen.

Kramer seit dat it rapport in skel lûd hat en dat er der net fleurich fan wurdt.

Foar foarsitter Rendert Algra fan it Bûn fan Fryske fûgelwachten is it rapport gjin oanlieding om it aaisykjen net wer op 'e nij oan te freegjen. Neffens Algra stiet der net safolle nijs yn it rapport. Hy bliuwt striden foar de tradysje fan aaisykjen yn Fryslân.

Harm Niesen fan Faunabeskerming sil yn jannewaris prate mei deputearre steaten oer de útkomsten fan it Sovonrapport. Niesen is fan betinken dat de aaisikers de ljipaaien lizzen lizze moatte, seker no't it net goed giet mei de ljippestân. Niesen kin him nei dit rapport net foarstelle dat de provinsje wer tastimming jout foar it tastean fan it ljipaaisykjen.

Trefwurden: 
Johannes Kramer ljip SOVON
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)