Kollum: "Ik"

19 des 2015 - 10:11

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Tongersdeitemoarn, it hie krekt tsien oere west. Bert Kranenbarg, presintator fan it radio 1 programma “de ochtend”, praat mei in Fries. Net dat der in wurd Frysk útkaam foar it oare, want dat praat deputearre Sander de Rouwe net. Mar se hienen him belle om't it CBS ferteld hie dat ynwenners fan Fryslân 27 persint minder wegebelesting hoege te beteljen yn de kommende trije jier. Dat liket in soad, mar dat is it net. It is mar 27 persint fan de opsinten, de ekstra belesting dy’t in provinsje boppe op de wegebelesting heffe mei. Foar de jonges mei fan dy grouwelige grutte swiere djoere weinen smyt it in bankje op per jier. Wy gewoane autootsjeriders komme op 20 euro, miskien 30, per jier minder. Mar ja, it is wol opfallend: net ien, útsein dy idioate Friezen dogge dit. En wy wisten net iens mear dat we it betellen. Dus it waard ynienen grut lanlik nijs, sadat de Ljouwerter Krante en  Omrop Fryslân reade koantsjes krigen om''t se no’t it beslút formeel naam waard, net op ’e nij út de kast kaam wiene. Dat dienen de nasjonale media dus wol, de hiele dei lei Sander de Rouwe foar in mikrofoan.

De Friezen verdienen dit, sei er grutsk. Kranenbarg is gjin Fries, dus dy wit net hokker goeie minsken wy Friezen ek al wer binne en frege ferbjustere “hoe zo dan”. Mar dêr hie Sander gjin oar andert op as dat it wegenet yn Fryslân no suver wol klear is. En o sa moai. Dus dêrom fertsjinje we dat. Kranenbarg is berne yn Veldhoven, dus dy skrok. Klear? Wegen bin dochs noait klear? Jawol, sei Sander grutsk, Leeuwarden is klaar, de centrale as is bijna klaar, en dan wordt er nog gewerkt bij Harlingen en bij Joure zijn ze ook al begonnen. Ja, mar dy beide lêste putsjes bin fan it ryk, der hoegden  wy gjin opsinten foar te brûken. Mar as Sander sa graach alle wegen yn Fryslân ta sines rekkenet, oke, mar dan gean ik nije wike mei Kranenbarg oer de Himdyk, fan Blauhús nei Tsjerkwert. En dan seit Kranenbarg dat hjir noch wol wat opsinten brûkt wurde kinne. Tusken heakjes, ferline wike lei de brêge yn de dyk Warkum-Boalsert by Tsjerkwert der út en rieden sels frachtweinen oer Parregea, Dedzjum en Warkum. It ferkear siet oeren lang fêst, want der kin net iens ien frachtwein troch Dedzjum.

Mar likegoed wol grutsk tetterje: we bin klear. De dyk Snits-Ljouwert wurdt de folgjende hobbel, stadichoan wurdt it dêr te drok. Ik soe as Sander mar ris begjinne te studearjen hoe’t je soks oplosse en foaral betelje sille. Foarút tinke, bestjoerders fan no meie nea grutsk sizze “we bin klear”, nee se moat Fryslân foar de takomst klear meitsje. En net dat oer trije jier oare bestjoerders sizze moatte: o hienen we dy djoere jongens no dy 150 euro dochs mar ôfpakt.

Friesland lijkt wel een rijke provincie, sei Kranenbarg. Ja sei Sander. En hy neamde net de natuerlike, lânskiplike en kultuerhistoaryske wearden fan de provinsje, nee, hy hie’t oer de jilden fan de ferkeap fan de Nuonoandielen. Anderhalf miljard sei Kranenbarg was het cijfer een  paar jaar geleden. Sander ferswijde dat dêr yntusken dochs wol it ien en oar fan ynvesteard is. Fryslân was al rijk, dan had u die opcenten ook niet hoeven heffen. Sander sei noch krekt gjin nee, mar wol dat sadree’t hy deputearre wurden is, hy mei dy opsinten oan de slach gien wie. Dus we moatte no blykber de ekonomy inkel mar stypje troch dat wy 20 euro per jier mear yn de bûse ha, en dan hoech je net miljoenen fan de provinsje út te jaan. Dy idioate Konst joech mar út. Dat is net mear de polityk. Sander joech yn it ynterview oan dat it jild moai op de bank stean bliuwt.

Hy sei sels letterlik: ik pas heel graag op dat geld. Dat sintsje bliuwt yn myn harsus omhingjen. De provinsje hat krekt 16 miljoen foar de universiteit op it kleed lein, dus echt neat útjaan bart ek net. Ja, ik sei barre, ik hie’t net oer minsken. Sander de Rouwe wol. Ik pas graach op. Net wy. Ik."

Trefwurden: 
Eelke Lok De Toan fan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)