Froulju SC Hearrenfean ferlieze fan ADO Den Haach

18 des 2015 - 22:29

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean koene it net oprêde yn de útwedstriid tsjin ADO Den Haach. It waard 3-0 foar de thúsploech. Alle doelpunten foelen yn de earste helte. Dominique Bruinenberg makke de earste, folge troch Nadine Noordam en Pia Rijsdijk. SC Hearrenfean giet de winterstop yn as foarlêste mei 7 punten út 13 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)