Online kaartferkeap foar Psy-Fi 2016 yn Ljouwert útein set

18 des 2015 - 17:29

De kaartferkeap fan it muzykfestival Psy-Fi is freedtemiddei op ynternet úteinset. It festival waard de ôfrûne twa jier yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert hâlden. Om't dêr lûdsoerlêst wie en der regels oertreden waarden, hat de gemeente Ljouwert strangere regels oankundige. De festivalorganisaasje drige dêrop út Ljouwert fuort te gean.

In wurdfierder fan de gemeente Ljouwert wit dat de ferkeap úteinset is, mar kin noch net mei wissichheid sizze oft it festival echt trochgiet.

Op de webside fan Psy-Fi stiet dat it festival fan 25 oant en mei 29 augustus takom jier yn Ljouwert hâlden wurdt. Wol binne der minder kaarten beskikber en binne auto's net tastien op it kampearterrein.

Trefwurden: 
Psy-Fi Ljouwert festival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)