Jieroersjoch: de 15 meast besjoene nijsfideo's fan 2015

28 des 2015 - 07:09

Sa oan de ein fan it jier sjogge wy werom op 2015. Oant âldjiersdei publisearje wy alle dagen in top 15. Dizze kear de 15 meast besjoene fideo's fan ús webside en app. En dat soarget foar spektakulêre, opmerklike en oandwaanlike bylden.

Jieroersjoch: de 15 meast besjoene nijsfideo's fan 2015

1. Yn Drinte botst in grutte mobile kraan fan it Fryske bedriuw Kielstra op in ierden wâl. De sjauffeur oerlibbet it net.

2. Wy wolle allegear wol even hearre oft ús topmodel Doutzen Kroes noch in bytsje knap Frysk praat. En dat kin se! 

3. Kiest boer Tom fan Boer Zoekt Vrouw foar Rimke út Balk? Hiel Fryslân sit yn spanning foar de televyzje.

4. It gie need op Flylân troch in simmerstoarm. Wetter komt mei bakken út de loft en tinten fleane de loft yn.

5. Seis wiken lang wurdt der socht nei de fermiste Gert-Jan Luimstra fan Snits. Yn febrewaris komt der dan lang om let dúdlikheid

6. Hy wie kânsleas, in 18-jierrige jonge út Noardwâlde. Hy komt om as er mei syn auto om in beam klapt by Steggerda.

7. Yn Warten wurdt ôfskied naam fan in grut akteur, Rense Westra. “De Baas Boppe Baas is no by de baas boppe”.

8. In drama foar bisteleafhawwer Norma Miedema. In brân leit har hûs anneks biste-opfang folslein yn de jiske. Tsientallen bisten komme om. 

9. Hy wie noch mar in wike iepen, de nije rotonde yn de Ljouwerter Frijheidswyk mei fontein. It wie fansels wachtsjen op in grap mei skûmmiddel

10. In bus fol Dútske skoalbern botst by Stiens op in auto. De auto fljocht yn de brân en ien fan de ynsittenden fan de auto oerlibbet it ûngelok net. 

11. In tankauto fol mei molke bedarret by Hilaard yn de sleat. De sjauffeur rekket dêrby ferwûne.

12. By in grutte brân op in pleats by De Lemmer komme sa’n 35 keallen om. De bisten stiene yn in molkstâl dy’t yn flammen opgie. 

13. Jo moatte der wat foar oer ha om beroemd te wurden. Hûnderten figuranten yn swimbroek en bikiny stiene yn de rein te dûnsjen foar opnames fan de bioskoopfilm Sneekweek. 

14. Hy hie noch ien winsk, de ûngêslik sike Ljouwerter Sijtze van den Berg. Hy woe noch ien kear in ritsje op in motor meitsje. En dat bart ûnder begelieding fan mear as santich motors en trikes

15. Dêr steane jo dan, op it dak fan in auto yn de Harnzerfeart yn Wytmarsum. Dan kinne jo neat oars as wachtsje op de helptsjinsten. 

Trefwurden: 
jieroersjoch 2015
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)