Mûntsen ferhúzje ein desimber nei Skiermûntseach

18 des 2015 - 14:25

Fjouwer mûntsen ferhúzje op 29 desimber nei Skiermûntseach. Dêr begeliede se de bou fan in nij kleaster. De mûntsen binne fan Abdij Sion yn Diepenveen. Abdij Sion is fierstente grut foar de njoggen mûntsen dy't der noch sitte en derom wolle se in lytser plak ha.

Earder dit jier hawwe se al op Skier west om in geskikt plak te finen foar in kleaster. Dat hawwe se fûn. Ein oktober kaam boppedat tastimming út Rome om it kleaster yn Diepenveen te ferkeapjen.

Net alle mûntsen komme ein desimber al nei Skier. Trije fan de mûntsen wolle pas nei it eilân ferhúzje as it nije kleaster der stiet. Sy bliuwe dêrom oant dy tiid yn de abdij fan Westmalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)