Kringloopwinkel Grou moat slute

18 des 2015 - 13:47

It is in hiele aparte dei foar de Kringloopwinkel yn Grou. Dy is freed nei alle wierskynlikheid foar it lêst iepen. Der wurkje, neist in ploech frijwilligers, ek minsken mei in beheining. Dat binne kliïnten fan soarchgroep Alliade. Troch de nije wetlike regels meie sân fan harren dêr lykwols net mear wurkje, om't it te fier fan hûs is.

Lytse kâns dat saak iepenbliuwt

De frijwilligers fan de kringloopwinkel sizze dat se mei in lytsere ploech de saak net iepenhâlde kinne. Toch bestiet der in kâns dat de winkel iepenbliuwt, want der wurdt praat mei in oernamekandidaat. Dy beslút sneon oft de kringloopwinkel iepenbliuwt.

Trefwurden: 
Kringloopwinkel Grou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)