Fergees parkearje yn Dokkum tusken kryst en âld en nij

18 des 2015 - 12:45

Besikers kinne ek dit jier tusken kryst en âld en nij wer fergees parkearje yn Dokkum. De gemeente stelt de parkearautomaten fan 24 desimber oant 4 jannewaris bûten gebrûk. Der komme spesjale kappen oerhinne om de automaten te beskermjen tsjin fjoerwurk.

De gemeente rint troch it fergees parkearjen goed 5000 euro oan ynkomsten mis, mar it ferfangen fan in skansearre parkearautomaat kostet al gau 10000 euro, meldt de gemeente. Boppedat hat it fergees parkearjen in goed effekt op it tal besikers fan de stêd yn dizze perioade.

Trefwurden: 
parkearje Dokkum âld en nij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)