De Sionsberg skriuwt wer swarte sifers

18 des 2015 - 10:22

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum skriuwt dit jier wer swarte sifers, seit direkteur Peter Lalkens. Hoefolle De Sionsberg yn de plus sit, falt noch net te sizzen.

It sikehûs is begjin dit jier op 'e nij begûn mei nije eigeners, nei it fallisemint fan soarchgroep Pasana; de eardere eigener. Foarôfgeand oan dat fallisemint waarden tekoarten by it sikehûs oanfolle mei jild dat bedoeld wie foar de âldereinsoarch.

Dieltiid kontrakten

Dat 2015 mei in posityf resultaat ôfsletten wurdt, komt yn grutte halen trochdat der skerp oan 'e wyn syld wurdt as it giet om personielskosten. In soad minsken binne no op dieltiid kontrakten oan it wurk, wêrtroch't der fleksibeler ynspile wurde kin op it ferlet oan personiel. Fierder is De Sionsberg troch it fallisemint ek in soad finansjele ferplichtings kwytrekke lykas it útbeteljen fan wachtjilden. 

Bloedprikke

Der wurdt noch hieltiden hurd wurke om in sa folslein mooglik pakket oan tsjinsten oan te bieden. Freed is bekend wurden dat it bloedprikken wer hielendal werom komt nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)