Kollum: "Tankman"

18 des 2015 - 09:40

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"“Nynke!” ropt er. 
Ik stap it hoekje om. Broeder Frans stiet yn it keammerke neist myn kantoarke en hat in legergrien popke yn de hân. Sa’n selde soart popke as de griene soldaatsjes fan eartiids dêr’t ús heiten mei boarten. 
“Raad eens wie dit is?”, freget er. 
Ik pak it popke beet. “Jantje Beton?”, sis ik. Ik wit ik net hoe't ik derby kom. 
Mar dat is in jonkje en dit popke is in folwoeksen mantsje. Nochris sjen. Ik stek it popke omheech en sjoch in Sinees mantsje mei in boadskiptas yn de hân. 
“Hoe oud ben je?”, freget broeder Frans.
“35", sis ik. 
“Je zou het wel moeten kunnen weten”, seit er. Ik sjoch nochris goed en ferhip, ik wit it. It is Tankman. Wit jo noch wa’t dat wie? 

Tankman is de ûnbekende jongeman dy’t yn 1989 by studinteprotesten op het Plein van de Hemelse Vrede yn Bejing foar in rige tanks stean gie. Ut protest tsjin it geweld dat tsjin de studinten brûkt waard. De foto fan dizze jongfeint mei in wyt boesgroentsje en in swarte broek, waard in ikoanysk byld. Safolle 'power' siet deryn. Lyts tsjin grut. Kwetsber, ûnskuldich tsjin loch en wreed. 

De Sineeske regearing hat dizze revolúsjonêr letter wierskynlik fermoarde. Iroanysk genôch is it miniatuerpopke fan him, dat ik yn de hân ha, makke yn Sina. 

Broeder Frans set it popke fan Tankman kordaat yn de kryststâl dy't op tafel yn it keammerke stiet. Neist poppe Jezus. “Want”, seit er, “Tankman focht ek foar gerjochtichheid. Foar frede. Dêr giet it krystferhaal oer. Oer fredestichters.” Ik fyn it in moai byld, sa'n ikoanpopke tusken it krysttafriel. 

Broeder Frans is sels ek sa'n fredestichter. Hy is ien fan de trije broeders fan it katolike stedskleaster yn Den Haach en ik ha de ear om in kantoarke te hieren yn it grutte gebou. Oan it ein fan de gong sit in kapeltsje dêr't tsjerketsjinsten foar dakleazen hâlden wurde.

Ik ha hjir trouwens ek wolris de 'creeps' as ik hjir noch allinnich bin en it ljocht útdwaan moat en dan noch troch de tsjustere gong rinne moat. Der hingje hjir ikoanen en soms slacht myn fantasy op 'e rin en bin ik bang dat de serieuze portretten my yn de gaten hâlde en tsjin my begjinne te praten. Hawar. In bysûnder kantoar sil ik mar sizze. 

Broeder Frans is kryststâlsamler en hat der mar leafst tûzen en ien. It soe kinne dat er dat oantal sa hâlde wol, as ferwizing nei de Arabyske fertellingen fan tûzen-en-ien-nacht. Hy is sljocht op dat soarte symbolyk en ferskillende kultueren. 

Al syn tûzen-en-ien-kryststallen binne útstald yn it kleaster en yn de krystfakânsje te besjen. Der komme jierliks tûzenen minsken op ôf, guon sels út Fryslân, fertelt er grutsk. Broeder Frans hat der mear as tweintich jier oer dien om se te sammeljen. It binne net allinnich Jozef, Maria en Jezus-tafreeltsjes. It kleaster is der foar eltsenien, dus is der ek in hindoeïstysk alter mei in enoarme Ganesh, in kryststâl út boeddhistysk Bûtan, houtsnijwurk út Malawy, neam mar op. Elts is hjir wolkom en de broeder ûntfermet himsels it leafst oer eltsenien. 

Broeder Frans is ien út tûzenen mei syn hoed fan lear en syn ivich entûsjasme om minsken meielkoar te ferbinen. Types as de Tankman en broeder Frans jouwe my hoop. En dat ha we hurd nedich yn dizze tsjustere dagen. Gelokkich binne der oeral yn ús lân Fransen en Tankmans.

Mar hoefolle Tankman en broeder Frans sit der yn my, freegje ik my ôf?
En hoefolle broeder Frans en Tankman sit der yn jo?" 

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)