Frjentsjerteradiel giet akkoart mei renovaasje Kleyenburg

18 des 2015 - 08:37

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel is tongersdeitejûn akkoart gien mei de renovaasje fan de skoalle Kleyenburg yn Frjentsjer. Yn dit gebou moat njonken Kleyenburg ûnder oaren ek basisskoalle De Fûgelflecht in plak krije. It beslút leit lykwols gefoelich.

In grutte groep âlden fan De Fûgelflecht wol hjir nammentlik net hinne. "No ha wy hjir in moaie lokaasje, yn in rêstige buert. We kinne hjir kuierjend of fytsend komme. Daliks moatte wy de bern nei de oare kant fan de stêd bringe", seit Bauke Miedema fan de aksjegroep Fûgelflecht.

Alden driigje bern fan de skoalle te heljen

Ek binne se benaud foar de ferkearsfeiligens op de nije lokaasje. Se binne dan ek bot teloarsteld yn de gemeenteried. Guon âlden hawwe sels drige om har bern fan skoalle te heljen. "Ik haw fan in pear al heard dat se dit ek dogge", seit Miedema. 

Ferkearfeiligens

Wethâlder Caroline de Pee fan Frjentsjerteradiel hat tasein goed nei de ferkearsfeiligens te sjen, foardat de learlingen fan De Fûgelflecht oergeane nei Kleyenburg. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)