19-jierrige drankrider botst op pylkwein Rykswettersteat

18 des 2015 - 08:32

In 19-jierrige frou út Drachten is tongersdeitenacht op de A7 op in pylkwein fan Rykswettersteat botst. Dy stie op de sneldyk by Drachten om automobilisten te warskôgjen foar wurk oan de dyk. De dykwurkers en de frou kamen mei de skrik frij.

Op it plysjeburo die bliken dat de automobiliste ûnder ynfloed fan alkohol wie. De plysje hat har rydbewiis ynnaam.

Trefwurden: 
dronken A7 Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)