Aris ferliest kansleas yn Grins: 76-45

18 des 2015 - 06:24

De basketballers fan Aris Ljouwert gongen tongersdeitejûn yn Grins kansleas ûnderút tsjin Donar. It waard 76-45. Foarôfgeand oan de wedstriid tocht Aris wol in kâns te hawwen tsjin Donar, om't de ploech út Grins yn in mindere perioade siet. Mar Aris spile ûnder syn nivo en koe Donar net byhâlde.

Yn it twadde kwart kamen de Ljouwerters noch efkes op foarsprong, mar dêrnei stelde Donar oarder op saken. Sneon spilet Aris de lêste wedstriid foar de feestdagen, dan komt direkte konkurrint Rotterdam nei Ljouwert ta.

Trefwurden: 
basketbal Aris Ljouwert Donar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)