Bou needopfang yn Burgum rint twa moannen fertraging op

17 des 2015 - 21:51

De bou fan de needopfang foar 200 ekstra flechtlingen yn Burgum hat fertraging oprûn. De planning om yn desimber te begjinnen mei de bou wurdt net helle, om't it COA troch de grutte fraach nei húsfestingsmooglikheden net beskikt oer genôch needwenningen.

Hoe lang't de fertraging duorje sil is net dúdlik, mar de gemeente giet der fan út dat der net foar febrewaris kommend jier begûn wurde kin mei de bou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)