Johan Meesters folget Durk Dam op by de OMF

17 des 2015 - 10:38

Johan Meesters fan De Tynje folget Durk Dam op as foarsitter fan de OMF, de organisaasje fan muzykferienings yn Fryslân. Hy hat him woansdeitejûn beskikber steld op in bestjoersfergadering fan de OMF.

Meesters is 47 jier en op it stuit foarsitter fan de Jouster Fanfare. Hy nimt it foarsitterskip op 6 febrewaris offisjeel oer, op de algemiene ledegearkomste fan de OMF. Durk Dam hat 41 jier aktyf west as bestjoerder yn de amateurmuzyk.

Trefwurden: 
OMF Johan Meesters Durk Dam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)