Plysje pakt trio foar wapenbesit, ien fertochte ûntsnapt

17 des 2015 - 10:26

De plysje hat woansdeitejûn oan de Waardeel yn Easterwâlde trije fertochten oppakt foar wapenbesit. Plysjes kontrolearren de auto fan it trio en seagen in fjoerwapen lizzen. Yn de auto leine ek meardere pûdjses drugs en jild. De manlju binne oanholden.

It giet om in 25-jierrige ynwenner fan Easterwâlde en twa manlju fan 26 en 29 jier út Smilde. De lêste wist nei syn oanhâlding te ûntkommen út de plysjeauto. Hy naaide út en is noch net fûn. De plysje is noch nei him op syk. De oare twa fertochten sitte noch fêst.

It wapen, it jild en de drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
wapenbesit drugs Easterwâlde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)