Tal Friezen mei in útkearing groeit

17 des 2015 - 08:41

It tal wurkleazen yn Fryslân is yn novimber omheech gien. Dat komt benammen troch it fuortfallen fan seizoenswurk yn de bou, de hoareka en de lânbou. De start fan it nije skoaljier hat yn it ûnderwiis just soarge foar wat mear banen. Dat docht bliken út sifers fan it UWV.

Ein novimber wiene der yn Fryslân hast 18.000 WW-útkearings, in stiging fan 3,7 persint yn fergelyk mei de moanne derfoar. Tegearre mei Seelân giet it om de grutste taname yn Nederlân.

Yn fergelyk mei novimber 2014 is der sprake fan in stiging fan 1,8 persint fan it tal WW-útkearings.

Trefwurden: 
bystânsútkearing UWV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)