Hûnen moatte oan 'e line yn rekreaasjegebiet Elfbergen

16 des 2015 - 22:15

Hûnen meie tenei net mear los rinne yn rekreaasjegebiet Elfbergen yn Gaasterlân. De ôfrune tiid binne skiep en mountainbikers. mar ek oare hûnen troch de bisten oanfallen. Dêrom hat Steatsboskbehear besletten dat der in losrinferbod komme sil foar Elfbergen.

"We binne bot skrokken troch oanfallen fan hûnen op skiep krekt bûten it losringebiet", sa seit boskwachter Karin Blanksma. Dizze wike binne twa skiep fan in boer oanfallen troch in hûn.

Hoe lang as it losrinfebod jildt, is noch net wis. Begjin jannewaris sil Steatsboskbehear mei oare organisaasjes prate oer wat se dwaan kinne om rekreaasjegebiet Elfbergen wer feilich te meitsjen foar minsk en bist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)