Alden learlingen De Fûgelflecht wolle net nei Kleyenburg

16 des 2015 - 22:10

Alden fan learlingen fan iepenbiere basisskoalle De Fûgelflecht yn Frjentsjer binne tsjin in ferhuzing nei de lokaasje Kleyenburg. Dat docht bliken út in hantekeningaksje troch de Aksjegroep De Fûgelflecht.

Neffens de aksjegroep hat mear as 90 prosint fan de âlden sein dat se harren bern fan de skoalle helje, as de ferhuzing trochgiet. Dêrmei soe de gemeente in soad jild yn in ferbouwing stekke, wylst der hast gjin bern nei de nije skoalle ta sille.

De âlden binne ek net bliid mei de ynformaasje dy't se krije fan de Stifting Radius, dêr't de skoalle ûnder falt. De gemeenteried nimt tongersdeitejûn in beslút oer it ûnderwiishúsfestingsplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)