Provinsjale stipe fan 16 miljoen euro foar Campus Fryslân

16 des 2015 - 21:39

Provinsjale Steaten hawwe woansdei mei grutte mearderheid grien ljocht jûn foar in provinsjale bydrage fan 16 miljoen euro foar Campus Fryslân, de alfde fakulteit fan Ryksuniversiteit Grins yn Ljouwert. Allinnich de fraksjes fan PVV en 50+ stimden tsjin it foarstel. Se diene dat ûnder oare om it 'elitêre karakter' fan de plannen.

De measte partijen hiene it oer in 'histoarysk beslút', want foar it earst sûnt it sluten fan de universiteit fan Frjentsjer, komt der wer universitêr ûnderwiis. Der wurdt in soad ferwachte fan Campus Fryslân.

Dy moat op termyn sa'n 1000 studinten lûke, soargje foar in 'akademysk klimaat' en de Ljouwerter ekonomy stimulearje. 

Wetter, meartaligens, toerisme

Deputearre Sander de Rouwe is wiis mei de brede stipe foar Campus Fryslân, mar realisearret him ek dat it aventoer no pas begjint. Dekaan Jouke de Vries moat no oan de slach mei it ûnderwiisprogramma en sjen dat er dêr akkreditaasje foar krijt en studinten foar lûkt. Yn it programma komme ûnder oare stúdzjes oer foar Fryslân wichtige ûnderwerpen as wetter, meartaligens en toerisme. 

Beurs foar studinten

De provinsjale bydrage fan mear as 16 miljoen euro is ornearre foar de earste jierren fan Campus Fryslân. Op termyn soe de ynstelling himsels bedrippe moatte, mar dat slagget allinnich as der foldwaande studinten op ôfkomme. Ferskate partijen pleiten woansdei foar in beurs dy't it foar studinten út Fryslân makliker meitsje moat om oan Campus Fryslân te studearjen. Hoe't dy regeling der út komt te sjen moat noch fierder útwurke wurde. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)