"Fryslân moat yn takomst folle mear flechtlingen opfange"

16 des 2015 - 20:06

Fryslân moat takom jier folle mear flechtlingen opfange. Dat is in opdracht fan it kabinet. Alle gemeenten sil frege wurde om in bydrage te leverjen. Want de need is heech en de ein fan de flechtlingestream is noch net yn sicht.

Op dit stuit fangt Fryslân hast 2000 flechtlingen op yn asylsikersintra en needopfanglokaasjes. Dêr komme folgjend jier nochris 2500 minsken by, sa makke de kommissaris fan de Kening woansdei bekend.

Yn ferskate gemeenten wurde takom jier opfanglokaasjes iepene, lykas It Hearrenfean, Balk en Dokkum. Neffens de provinsje moat eltse gemeente nei 'aard en schaal' in bydrage leverje.

Trefwurden: 
flechtlingen opfang Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)