Fryske filmfanaten yn 'e ban fan de nije Star Wars-film

16 des 2015 - 16:28

Foar tûzenen, ja miskien wol miljoenen minsken is it hjoed net samar in woansdei. Foar harren is dit de dei dêr't se al jierren op wachte hawwe. De dei wêrop't de nije Star Wars-film útkomt. The Force Awakens hjit de film.

Woansdeitemiddei gie de film ek yn Ljouwert yn premjêre. De echte diehard fans woene der fansels as earste by wêze, en hawwe har kaartsjes al wiken yn 'e bûse. Want hoe soe it dochs fierder gean mei Luke Skywalker, Princess Leia of Han Solo?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)