FIDEO: Ferwerters bouwe grutste kryststâl fan Europa

16 des 2015 - 16:05

De grutste kryststâl fan Europa is makke troch twa ynwenners fan Ferwert. Fred van der Zwet en Roel den Dulk eksposearje op dit stuit mei har krysstâl yn de Bergtsjerke yn Deventer. It bestiet út hast 1600 figuren op 40 kante meter.

Yn 1999 begûnen se in lytse eksposysje by har thús yn Ferwert en 6 kante meter kryststâl waard al gau 16 kante meter. Doe’t se op in reinige snein 500 besikers oer de flier krigen besletten se tenei op oare plakken de boel op te setten.

De útstalling 'Het verhaal van Kerst' is oant 10 jannewaris te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)