Mear Friezen kinne goed Frysk lêze en skriuwe

16 des 2015 - 13:28

It tal Friezen dat it Frysk goed lêze of skriuwe kin, is de ôfrûne jierren tanaam. Dat docht bliken út de Fryske Taalatlas fan 2015. Dêryn binne minsken frege nei harren kennis fan it Frysk. Hast 52 prosint jout oan dat se it Frysk goed lêze kinne, tsjinoer goed 48 prosint in jier lyn. Ek it skriuwen is ferbettere: fan 12 prosint yn 2011 nei hast 15 prosint yn 2015.

Der binne wol regionale ferskillen. Yn de gemeenten Littenseradiel, Ferwerderadiel, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel is de behearsking it bêste. Yn Ljouwert, Harns en de Stellingwerven it minste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)