Trainer Van Buuren ferlit Drachtster Boys nei ien seizoen

16 des 2015 - 13:16

Trainer Marcel van Buuren krijt gjin kontraktferlinging by sneonshaadklasser Drachtster Boys. Yn goed oerlis hawwe de trainer en de klup besletten de gearwurking nei ien seizoen stop te setten.

Drachtster Boys stiet mei twa punten út trettjin wedstriden stiif ûnderoan yn de haadklasse C. Se spilen twa kear lyk en ferlearen al alve wedstriden. Van Buuren naam begjin dit seizoen it stokje oer fan Fred de Boer. Dy gong nei de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)