'Waadhoeke' of 'Nij-Westergo': woansdei komt de útslach

16 des 2015 - 11:36

Yn Sint-Anne wurdt woansdeitejûn de namme bekendmakke fan de nije fuzjegemeente fan It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en in part fan Littenseradiel. Yn de earste stimronde fia de webside 'Gemeente zoekt naam' of fia stimkaarten wiene der trije nammen: Nij-Westergo, Waadhoeke en Franeker. Dy lêste namme is nei de earste ronde ôffallen.

Foar de lêste twa nammen is opnij in ferkiezing hâlden. It giet no noch tusken Nij-Westergo en Waadhoeke. Der hawwe goed 15.000 minsken stimd. De nije namme wurdt yn 2018 ynfierd.

De betinker fan de winnende namme wurdt ek bekendmakke, dy wint mei syn idee in nije fyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)